< vorigevolgende >startpagina

Persbericht

*    Leeuwarder Courant 24-10-2006 F-side

 

 

 

 

                                                               Help en advys foar hús en tún

                                                                “Under it bêd lei in jiskebult”

                                                                De Personal Organisor is net allinne yn Amearika in bekend fenomeen. Ek yn                                                                 Fryslân kinne jo no jo eigen opromhelp ynhure. At guon wurksemheden foar jo te                                                                 swier binne, jo it net oan tiid hawwe of at jo der folslein meioan binne en net                                                                 witte wêr at jo begjinne moatte, wurdt it tiid om bygelyks Griet Hollema fan                                                                 Ljouwert te  skiljen. Sy soarget der foar dat alles yn hûs en tún wer organisearre                                                                 is.

Griet Hollema biedt help en advys foar hûs en tún.

Griet Hollema hat sûnt maart 2005 in eigen bedriuw: ‘Organiseer je huis’, wêrmei se minsken yn Ljouwert en omstreken in helpende hân biedt. “Doe’t ik nei achttjin jier detailhannel wat oars woe, kaam ik op it idee om fan wêr’t ik goed yn wie, myn wurk te meitsjen. Ik wie altyd al in oprommerich typ en stie regelmjittich by oaren thús de kasten te reorganisearen.” Fia ferskate soarch-ynstânsjes kaam Griet Hollema oan har wurk. “Der binne op it heden in soad âlde minsken dy´t graach lang op harren sels wenjen bliuwe wolle. Se fiele harren faak beswierd harren eigen bern te freegjen om te helpen yn de húshâlding. It komt ek foar dat de bern my belje foar harren âlden, om’t se der sels net oan ta komme of net yn de buert wenje. Sa’n tachtich prosint fan myn klanten ha lichamelike of psychyske klachten. Utsein âldere minsken help ik ek minsken dy´t bygelyks in auto-ûngelok han hawwe of psychysk yn de put sitte om’ t se bygelyks ien ferlen hawwe. De oare tweintich prosint binne jonge stellen dy’t it te drok mei it wurk ha en net oan harren eigen hús en tún ta komme.”

Jiskebult

Sadree at Griet by in oar thús komt, hat se de jiskepûden yn ‘e  hân en begjint se mei it fuortsmiten fan troep. “Ik ha ienris mei makke, doe’t ik in trochsakke bêd meitsje woe, dat it bêd earne op hingjen bleau. Doe’t ik ûnder it bêd seach, lei dêr in jiskebult mei lege sjipspûden, kopkes, bestek, itensresten ensfh. Ek komt it regelmjittich foar dat ik de doarren fan keamerkes net iens iepen krije kin. De kasten binne leech, mar de flierren lizze besaait mei klean en oare rotsoai. En at se harren guod echt net mear kwyt kinne, dan brûke se de douche as opslachplak. Dus douche is der dan ek net mear by. Nei dat ik it oanrjocht rom ha begjin ik altyd boppe mei it opromjen. Ik soargje der foar dat minsken in bêd ha om op te sliepen en der skjin bêdeguod op sit. It liket hiel fanselssprekkend mar der binne minsken dy’t altyd op de bank sliepe, of net iens bêdeguod op harren bêd ha. Soms ha se net iens in waskkoer of in strykplanke. Ik ha sels yn it hok allegear guod stean en oars gean ik foar se nei de kringloopwinkel. Ik ha wolris by in gesin west dy’t altyd op de bank, mei de panne op skutte iten, om’t se gjin hege tafel hienen. It docht my dan goed om te sjen hoe bliid ik san gesin mei in tafel fan de kringloopwinkel meitsje kin. No koenen se oan in hege tafel ite, dat hienen dy bern noch nea mei makke.”

 Gjin skjinmakster

Griet helpt jo mei fan alles, sels de administraasje, mar skjinmeitsje docht se net. “Fansels meitsje ik in kast wol skjin at ik it weryndiele sil, mar ik bin gjin skjinmakster. At der klussen yn en om hûs binne dy’t ik net kin mar wol dien wurde moatte, dan hier ik dêrfoar minsken yn.”  Tyne Krol, Griet har partner, helpt sa no en dan ek mei yn it bedriuw. Tyne: “Ik help Griet mei saken as ôfspraken meitsje, planning, it ûnderhâld fan de webside en technyske saken as kompjûters oanslúte. Ek help ik mei by it ferhúzjen fan âlde minsken. Ik regelje dan saken as fersekeringen en telefoanoanslútings. De earste kear doe’t we in âlde frou ferhúsden, ha we har as it ware as lêste út har wente helle en har presiis wer sa yn har stoel, yn har nije oanleunwente setten. Alles wie krekt sa yndield as yn har eardere keamer. Se pakte de ôfstânsbetsjinning en die de telefysje oan, as wie der nea wat feroare.”

Foar wa’t help fan Griet Hollema ha wol, kin sjen op www.organiseerjehuis.nl of belje nei 058-2885510.

 Dieuwke Posthumus